Ljouwerters oppakt op Flylân

03 aug 2009 - 11:48

Twa Ljouwerters fan 20 en 25 jier binne oanhâlden nei't se harren op Flylân misdroegen hiene. Yn de nacht fan sneon op snein begeliede de plysje in groep jongerein nei harren kemping. By it fuotbalfjild bleau de groep hingjen en makke in soad leven.

Doe't de plysje in Ljouwerter (25) oanhâlde woe, waard dizze agressyf. Mei help fan twa oare Ljouwerters foel de man de plysje oan. Mei grutte muoite waard de groep dochs noch nei de kemping brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)