Ljouwerters oppakt om wapens

07 mrt 2008 - 10:25

De plysje hat twa Ljouwerters oanholden foar wapenbesit. It giet om in 41-jierrige man en in frou fan 32 jier. Nei ûndersyk wie it de plysje dúdlik wurden dat der yn de huzen fan de fertochten mooglik wapens leinen.

De twa waarden oppakt, wêrnei't de huzen trochsocht waarden. Yn de iene wente fûn de plysje in pistoal mei munysje, yn de oare wenning trof de plysje in revolver oan. De wapens binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)