Ljouwerters oppakt nei rúzje

04 jul 2013 - 12:24

Twa bewenners fan de Wylgestrjitte yn Ljouwert binne woansdeitemiddei oppakt, omdat se spul hiene mei de buorlju. De plysje woe bemiddelje, mar waard misledige troch in man. Dy waard dêrom oanhâlden.

Efkes letter moast de plysje nei itselde adres, omdat in 45-jierrige frou noch hieltyd de konfrontaasje mei de buorlju socht. Doe't se har yn it bywêzen fan de plysje diskriminearjend útliet oer de buorlju moast ek sy mei nei it buro. Tsjin beide fertochten is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)