Ljouwerters oppakt nei houwerij

12 jun 2006 - 11:06

De plysje hat sneintemoarn twa Ljouwerters oanholden nei in fjochtpartij yn de Dirk Boutsstrjitte yn Ljouwert. De plysje trof in groepke manlju oan, wêrfan ien ferwûne wie. Dy man rûn nei de plysje ta.

It groepke kaam dêrnei drigend en razend op de plysjes ôf. Ien man liet in fjoerwapen falle. In oare man woe it oppakke, mar de plysje brûkte pepperspray om dat foar te kommen. De manlju koene letter oppakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)