Ljouwerters oanriden op de A7 yn Grinslân

29 jun 2015 - 14:31

Twa Ljouwerters binne sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Scharmer yn Grinslân. It giet om in frou fan 46 jier en in famke fan 9 jier. Se sieten yn de auto by in 51-jierrige bestjoerder út Ljouwert. De auto wêr't se yn sieten, waard oanriden troch in 27-jierrige Grinzer.

Dy woe de sneldyk opride mar rekke yn in slip en kaam al draaiend om syn eigen as op de sneldyk. De Grinzer kaam mei de skrik frij, de 29-jierrige frou dy't by him yn de auto siet, rekke wol ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)