Ljouwerters oan dea ûntsnapt

13 feb 2012 - 12:20

De bewenners fan it ôfbaarnde hûs oan de Begoaniastrjitte yn Ljouwert binne mooglik it slachtoffer wurden fan in stalker. De 27-jierrige Ljouwerter dy't oanhâlden is, is de eks fan de bewenster.

Al trije jier lang stalkt hy har en driget har wat oan te dwaan. De man wie dit wykein mei ferlof út de finzenis yn Feanhuzen. Hy hat by de slachtoffers ynbrutsen en hat mei in molotov-cocktail brân stichte. De bewenners wiene doe net thús. Hy is snein oppakt mei in trochladen pistoal by him.

De slachtoffers hawwe al mearder kearen oanjefte tsjin de fertochte dien. De plysje ûndersiket hoe't it kin dat de man mei wykeinferlof wie. De technyske resjerzje docht ûndersyk yn it hûs oan de Begoaniastrjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)