Ljouwerters nei kamp Neuengamme

03 jul 2006 - 14:13

Op inisjatyf fan it fersetsmuseum en jongerewurkers yn Ljouwert hawwe dit wykein 25 jongeren in besite brocht oan it konsintraasjekamp Neuengamme yn Dútslan.

It giet om in groep jongeren mei problemen op skoalle of thús dy't gewoanwei net gau yn it fersetsmuseum te finen binne. Troch in legaat koene de jongeren fan 15 oant 18 no mei eigen eagen sjen wat der bard is yn de kampen fan Hitler-Dutslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)