Ljouwerters moatte it hûs út fanwege in autobrân

10 des 2015 - 10:19
  • De bewenners moasten it hûs út, omdat de auto hiel ticht op it hûs stie

Bewenners fan in hûs oan de Purcellstrjitte yn Ljouwert moasten yn de nacht fan woansdei op tongersdei evakuearre wurde fanwege in autobrân. De baarnende auto stie sa ticht by de wenning, dat de brânwacht en de plysje gjin risiko nimme woenen.

De plysje tinkt dat de brân oanstutsen is en ûndersiket de saak. De auto gie by de brân folslein ferlern. De 57-jierrige eigeneresse hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)