Ljouwerters mei falsk jild en xtc-pillen pakt

18 jul 2015 - 08:52

De plysje hat freedtemiddei 5 Ljouwerters oanhâlden foar it yn besit hawwen fan falsk jild en 95 xtc-pillen. De fjouwer manlju fan 20 oant 27 jier en in 22-jierrige frou besochten in Playstation dy't te keap stie op Marktplaats, te beteljen mei falske biljetten fan 50 euro.

De ferkeaper hie dit yn de gaten en de ferkeap gie net troch. De man joech it kenteken fan de auto fan de Ljouwerters troch oan de plysje. Dy koe se letter yn Doanjum oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)