Ljouwerters mei drugs pakt

09 jul 2011 - 12:29

De plysje hat freetenacht yn Ljouwert twa ynwenners út dy stêd oanhâlden foar wapen- en drugsbesit. In man (39)waard op de Lieuwenburg oanhâlden mei in fjoerwapen en harddrugs. In tsjûge hie de plysje belle.

De oare man (35) rûn tsjin de lampe by in kontrôle by de tagong fan in kroech yn de Grote Hoogstrjitte. By him waarden ûnder oaren twa messen en XTC-pillen oantroffen. It materiaal is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)