Ljouwerters mei drugs pakt

21 okt 2009 - 10:01

De plysje hat tiisdeitejûn yn Hurdegaryp twa Ljouwerters oanhâlden. Se hiene drugs by har en riden ek ûnder ynfloed fan drugs. In tsjûge hie it twatal, in man (56) en in frou (27), gefaarlik riden sjoen en de plysje warskôge.

De twa binne oanhâlden en fûlleard. Se hiene 28 wikkels mei kokaïne by har. De man en frou binne meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)