Ljouwerters krije enerzjyboks

13 apr 2006 - 11:24

Yn totaal 121 húshâldens yn de Ljouwerter wyk it Valeriuskwartier dogge de kommende moannen mei oan in proef om it enerzjyferbrûk yn 'e hûs te ferminderjen.

De bewenners krije fan de gemeente in 'enerzjyboks'. Dêryn sitte ûnder oare in pear sparlampen en in doarklem. Troch gebrûk te meitsjen fan dy materialen kinne de bewenners tsientallen euro's yn it jier besparje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)