Ljouwerters ferlitte Caïro

31 jan 2011 - 15:49
  • Renate Mason hat Caïro ferlitten

De trije Ljouwerters dy't fêst sieten op it fleanfjild fan Caïro, binne moandeitemiddei op it fleantúch stapt. Renate Mason en de broers Rudie en Arnold Kramer sieten dêr sûnt sneontemiddei fêst, neidat se foar in tuskenstop bedarren yn Caïro. Se wiene mei Egypt Air ûnderweis fan Amsterdam nei Johannesburg yn Súd Afrika.

Op it fleanfjild is hast gjin iten en húskepapier te krijen, sadat fochten wurdt om alles dêr't minsken ferlet fan hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)