Ljouwerters bedrige en slein

02 jan 2008 - 16:02

Yn Noard-Hollân binne tiisdei fjouwer manlju oanhâlden foar it mishanneljen fan twa Ljouwerters. Dy waarden op it Groot Schavernek yn Ljouwert bedrige mei in pistoal, slein mei in boksbeugel en yn de grêft treaun.

De fjouwer naaiden út yn in auto. Dy is op de Ofslútdyk sjoen. Troch in file te feroarsaakjen, koe de plysje de mannen oanhâlde. It pistoal is yn beslach naam. De slachtoffers wiene ferwûne oan de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)