Ljouwerteradiel sit goed

15 okt 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwerteradiel hat takom jier gjin jildpine. Dat docht bliken út de begrutting. De gemeente hat goed 124.000 euro oer. It besteande belied kin gewoan útfierd wurde.

Oer de takomst is it kolleezje fan b en w minder posityf. Yn 2006 wurdt in tekoart ferwachte fan 200.000 euro. Dat komt troch it ôfskaffen fan de ûnreplik guod belesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)