Ljouwerteradiel nei Ljouwert

14 feb 2013 - 21:56

De gemeenteried fan Ljouwerteradiel hat tongersdei unanym keazen foar in fúzje mei de gemeente Ljouwert. Neffens de ried moatte de ûnderhannelings dêrfoar sa gau mooglik los. Om't dy fúzje formeel pas yn 2018 trochfierd wurde kin, moat yn dy ûnderhannelings ek besjoen wurde oft in part fan de amtlike organisaasje en bepaalde projekten al earder oergean kinne.

De ûnderhannelings sille dien wurde troch de koälysje, al hiene de opposysjepartijen dêr wol fraachtekens by. Yn it ferline wie de koälysje neffens dy partijen tefolle anty Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)