Ljouwerteradiel liedt needklok

19 feb 2010 - 07:34

De gemeente Ljouwerteradiel ropt alle Nederlânske gemeenten op om de needklok te lieden oer de taname fan it tal rykstaken dat gemeenten útfiere moatte, wylts dêr net genôch tsjinoer stiet. De fraksje fan de FNP kaam justerjûn yn de ried mei in moasje hjiroer. Dy waard breed stipe.

Gemeenten krije hieltyd minder jild út Den Haach, mar moatte wol hieltyd mear taken fan it Ryk útfiere. Gefolch is dat der besunige wurde moat op sosjale foarsjenningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)