Ljouwerteradiel: Kuier- en fytspaad tusken Stiens en Jelsum

12 feb 2016 - 13:33
  • De spoarfyts op in stikje proefrails

Tusken Stiens en Jelsum wurdt sa goed as wis in kuier- en fytspaad oanlein. De gemeenteried hat tongersdeitejûn mei it finansjele plan ynstimd. It kostet sa'n 5 ton om it paad oan te lizzen. De provinsje betellet dêr de helte fan, de gemeente Ljouwerteradiel de rest.

Earder wiene der ek plannen om op it spoartrasee spoarfytsen of it Dokkum Lokaaltsje werom te bringen. Dat liket no fan de baan. It paad ferbynt de doarpen Stiens, Britsum, Koarnjum en Jelsum meielkoar. De gemeente ferwachtet dat ekstra rekreanten op it nije paad ôfkomme.

Rjochtsaak tsjin gemeente

De Stichting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij, dy't wer rails op it âlde spoartrasee hawwe wol, hopet lykwols dat de betsjoersrjochter harren projekt moandei noch in nije ympuls jaan kin. De stichting hat in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente Ljouwerteradiel, om't sy fine dat der ferkeard hannele is troch de gemeente. 

De stichting hat earder in oanfraach dien foar in omjouwingsfergunning, om op it trasee in spoarline te bouwen. It kolleezje fan b. en w. fan Ljouwerteradiel liet lykwols oan de stichting witte dat sy gjin belanghawwende is en dat allinnich belanghawwenden sa'n oanfraach yntsjinje kinne. De bestjoersrjochter moat no sjen oft de stichting in belanghawwende yn dizze saak is. 

Mocht de rjochter de Spoorwegmaatschappij gelyk jaan, dan soe de stichting, neffens oprjochter Chris Rijff, yn berop gean kinne tsjin de plannen fan de gemeente. In spoarferbining is dan wer ien fan de mooglikheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)