Ljouwerter yn stêd mishannele

27 jan 2013 - 13:03

In Ljouwerter (19) is sneontenacht oppakt om't er in plakgenoat (21)mishannele hie. Dat wie op it Ruterskertier yn de stêd. Neffens tsjûgen hie de fertochte syn slachtoffer stroffelje litten. Doe't dy dêr wat fan sei, krige er in kopstjit fan de fertochte. It slachtoffer is troch in ambulânse nei it sikehûs brocht. Letter hat er oanjefte dien fan mishanneling. De fertochte koe oanhâlden wurde om't in tsjûge him oanwiisde. De Ljouwerter is foar fierder ûndersyk fêstset.

De plysje hat sneontenacht ek in 29-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar mislediging. De plysje surveillearre yn it sintrum fan de stêd. Yn de Grote Hoogstrjitte waard ien fan de plysjes útskolden troch de Ljouwerter. De plysje pakte him op. Underweis nei it buro gie de man troch mei skellen. Letter misledige er ek noch de arrestante-wachten. De man sit fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)