Ljouwerter yn Grinslân oppakt

14 aug 2008 - 11:48
  • Er soe belutsen wêze by in tal ynbraken

In 25-jierrige Ljouwerter is troch de plysje fan Grinslân oanhâlden omdat er belutsen wêze soe by in tal ynbraken yn Hoogezand-Sappemeer en omkriten. De man gong tegearre mei in 33-jierrige man út Hoogezand op 'en paad. Se wiene benammen út op elektroanyske apparatuer en profesjoneel ark.

De Ljouwerter hat it ferfier foar syn rekken naam, sa tinkt de plysje. Hy soe de auto riden hawwe dy't brûkt is by de stellerijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)