Ljouwerter wyk as proefprojekt

28 jun 2001 - 00:00

De Ljouwerter Vosseparkwyk wurdt in lanlik proefprojekt foar duorsum enerzjygebrûk. De wyk is útkeazen om't de ynwenners en bedriuwen graach der sels mear oan dwaan wolle.

Der komt in mienskiplik ûnderhâldskontrakt foar de huzen. Der is ek omtinken foar de feilichheid. De leefberheid en de sosjale struktuer fan de wyk wurdt sa tagelyk oanpakt en ferbettere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)