Ljouwerter wol kontant jild

09 maaie 2014 - 12:35
  • Hans-Jürgens Redczus

De gemeente Ljouwert moat it jild foar de útkearings kontant útbetelje. Dat wol Ljouwerter Hans-Jürgens Redczus. Hy seit dat digitaal jild net bestiet en hy wol dêrom allinnich mei munten en bankbiljetten betelje. Redczus seit dat ûnder oaren de bankekrisus ûntstien is troch jild dat der net echt is.

Yn in e-mail hat hy dêrom witte litten dat er tenei allinnich noch mar kontant jild ha wol. De gemeente Ljouwert seit dat it de mail fan Redczus yndie krigen hat.

De brief is trochstjoerd nei sawol de ôfdieling sosjale saken as jurydyske saken. De gemeente besiket Redczus binnen fjouwer wike in reaksje te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)