Ljouwerter winkelstrjitten wolle spesjale keapsnein

02 mrt 2015 - 23:01
  • Keapsnein

Ljouwerter ûndernimmers wolle de lêste snein fan de moanne grut útpakke mei Zinderende Zondag. Dat hawwe de foarsitters fan 'e Ljouwerter winkelstrjitten moandeitemiddei besletten yn in spesjaal oerlis oer de keapsnein.

Neffens foarsitter Anton Zantman fan de Lytse Tsjerkestrjitte is it benammen foar lytse winkels ûnmooglik om alle sneinen iepen te wêzen. Zinderende Zondag moat in keapsnein wurde mei ferskate eveneminten en aktiviteiten yn de stêd. De leden fan de ûndernimmersferienings moatte harren stim noch hearre litte oer de ynfolling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)