Ljouwerter wiken wurde opknapt

16 sep 2009 - 12:01

Ljouwert krijt 17 miljoen euro fan it Ryk foar it opknappen fan in tal wenwiken. It giet om it sintrum, Valeriuskwartier, de Schepenbuert. Fan it jild wurde huzen, plantsoenen en boarterstunen opknapt, mar ek saken as feiligens en earmoede wurde ferbettere.

Doel is dat de measte ferbetterings yn 2015 in feit binne. Ljouwert brûkt by de opknapbeurten de ûnderfinings dy't opdien binne by it opknappen fan de wyk Heechterp-Skieringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)