Ljouwerter weedkweker frijsprutsen

09 jan 2015 - 19:09

In útspraak fan de Ljouwerter rjochtbank kin der mei foar soargje dat de plysje tenei net mear samar in hûs trochsykje kin. By de saak dêr't it om giet, hie de plysje it hûs fan in 42-jierrige Ljouwerter sûnder in goede oanlieding trochsocht en dêr in lytse weedkwekerij fûn. Omdat de plysje der ûnrjochtmjittich yn kaam, is de man troch de Ljouwerter rjochtbank frijsprutsen.

Dat is bysûnder om't de Hege Ried earder útmakke hat dat soks allinnich ta straffermindering liede mei en net ta frijspraak. Tjalling van der Goot fan Anker en Anker is de advokaat fan de Ljouwerter en hy is bliid mei de útspraak. As genôch legere rjochters yngean tsjin de eardere útspraak fan de Hege Ried moat de plysje tenei wol neffens de wet hannelje om by immen it hûs troch te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)