Ljouwerter Van Bruggen wint Philips Jongeren Designpriis

13 jan 2016 - 16:48
  • It priiswinnende ûntwerp fan de Philips Jongeren Designpriis

Aljen van Bruggen (22) út Ljouwert hat de Philips Jongeren Designpriis 2015 wûn. Dat is woansdei bekend makke op in byienkomst by Keunstwurk yn Ljouwert. Van Bruggen hat de priis wûn foar syn ûntwerp foar de Scissorlift Table. Dat is in tafel mei in beweechber tafelblêd wêrtroch de tafel altyd de goeie hichte hat om oan te wurkjen. Van Bruggen hat in telefyzje fan Philips wûn.

Yn de sjuery sieten Gerben Raap fan de Produktontwikkeling fan Philips Drachten, produkt- en romtlik ûntwerper Jonathan Hofmeijer en ûntwerper Nine Boersma.

De Philips Jongeren Designpriis moat in poadium biede oan jong foarmjouwingstalint yn Fryslân yn de leeftiid 15 oant en mei 26 jier en is ornearre is foar jongeren dy't in design relatearre MBO- of HBO-oplieding dogge, en ek foar middelbere skoalbern dy't CKV folgje. Nei alle gedachten is dit it lêste jier dat de Philips Jongeren Designpriis útrikt wurdt. De organisaasje hat it dreech om de finânsjes foar de priis rûn te krijen. Dêrom binne de edysjes yn 2013 en 2014 ek net trochgien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)