Ljouwerter ûndernimmers lilk om nije regel foar gevelreklame

22 jan 2015 - 12:30
  • De Nijstêd yn Ljouwert

Winkeliers en hoareka-ûndernimmers yn Ljouwert moatte in fergunning oanfreegje foar de namme fan har bedriuw op de gevel. Wêr't by guon bedriuwen al mear as 40 jier de namme op de gevel stiet, moat dy der no dus ôf.

De ûndernimmers binne poer, want oanpassings oan de winkel kostje jild. Se fine it ûnsin dat de âlde namme no fan de gevel moat fanwege wet- en regeljouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)