Ljouwerter ûndernimmers fiele harren yn it himd set

17 feb 2015 - 12:25
  • Sjoerd Pieter Koelmans fan de TDC yn Ljouwert
  • Ljouwert

Ljouwerter ûndernimmers fiele harren yn it himd set troch de gemeente Ljouwert. Oanlieding is it beslút oer de keapsnein. Ljouwerter winkels meie tenei alle sneinen iepen. In lytse mearderheid fan de gemeenteried stimde moandei yn mei dit foarstel fan VVD en D66. Healwei jannewaris sammele in groep fan sa'n 200 ûndernimmers hântekenings yn tsjin de strukturele keapsnein.

Inisjatyfnimmer en ûndernimmer Koelmans fan de winkel TDC fynt it teloarstellend dat it plan dochs trochgiet. Hy is benaud foar in breuk tusken ûndernimmers en gemeente.

Bakkerij Schuurmans yn Ljouwert komt mei in wol hiel kreatyf protest: de Lazy Sunday Koeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)