Ljouwerter ûnder ynfloed rydt mei scooter tsjin frachtwein

25 mrt 2015 - 22:34
  • Plysje

In 27-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn op de Keizersgrêft yn Ljouwert mei syn scooter tsjin in frachtwein oanriden. De man wie fermoedlik ûnder ynfloed fan GHB. Op it plysjeburo waard de fertochte net goed. De man is nei sikehûs MCL tabrocht en dêr is in bloedproef ôfnaam. It rydbewiis fan de Ljouwerter is ynnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)