Ljouwerter twa kear op 'e bon

02 nov 2010 - 10:03

In 55-jierrige man út Ljouwert hat moandei in bon krigen neidat er in oanriding feroarsake hie. Plysjes hiene him foar de botsing ek al in bekeuring jûn omdat er gjin kentekenplaat op syn oanhingwein hie.

De man ried dêrnei hurd fuort en joech op in krusing gjin foarrang oan in lesauto. Hy krijt in proses-ferbaal foar it net ferlienen fan foarrang en it feroarsaakjen fan gefaar yn it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)