Ljouwerter tsjin de holle skopt op Huzumerleane

22 jun 2015 - 19:53

In 35-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn slim mishannele op de Huzumerleane yn syn wenplak. De plysje hat twa fertochten, in 22-jierrige man út Eelde en in 22-jierrige Snitser, oanhâlden. Nei alle gedachten siet it slachtoffer mei de beide mannen op in bankje, doe't se spul krigen. It slachtoffer krige klappen en waard tsjin syn holle skopt. Hy is nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat hy ûnder oare in harsenskodding hie. It plak fan de mishanneling is ôfset foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)