Ljouwerter tsjerken net ticht

27 apr 2009 - 08:50
  • De Ljouwerter Koepeltsjerke giet foarearst net ticht

De Koepeltsjerke, de Open Hof en de Adelaartsjerke yn Ljouwert geane foarearst net ticht. It beslút om trije fan de sân tsjerken yn Ljouwert te sluten is troch de de algemiene tsjerkeried weromroppen.

Der is net genôch draachflak foar. De sluting waard yn desimber ferline jier bekendmakke. Der wie foaral in soad krityk op it plak fan de tsjerken dy't iepenbliuwe soene, dy soene net goed ferspraat lizze oer de stêd. Der wurdt oer in pear moanne in nij beslút naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)