Ljouwerter tsjerken echt ticht

09 jun 2010 - 09:52
  • De Koepeltsjerke is ien fan de fjouwer

De Fenixtsjerke, de Adelaarstsjerke, de Pelikaantsjerke en de Koepeltsjerke yn Ljouwert geane yn de rin fan 2011 definityf ticht. De Jacobijnertsjerke, de Iepen Hof en de Schakel bliuwe wol iepen. Dat hat de algemiene tsjerkeried fan de PKN-gemeente yn Ljouwert tiisdeitejûn besluten.

De tsjerken moatte ticht, omdat der hieltyd minder minsken yn de tsjerken komme. Der wie de lêste wiken ûnder de gemeenteleden in soad argewaasje oer it foarnommen beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)