Ljouwerter swier mishannele

30 nov 2012 - 09:55

In 19-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tongersdei op freed swier mishannele yn syn hûs oan de Mendelssohnstrjitte yn de stêd. De jonge is nei alle gedachten mei in mes stutsen.

Surveillearende plysjes krigen te hearren dat der in soad leven west hie yn it hûs fan it slachtoffer en dat dêrnei in auto hurd fuortriden wie. Doe't de jonge fûn waard die bliken dat er ferwûne rekke wie oan syn holle, skouder en knibbel. Hy is nei it sikehûs brocht. De forensyske resjerzje hat ûndersyk dien yn en om it hûs hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)