Ljouwerter swier mishannele

01 okt 2012 - 09:50

In Ljouwerter (51) is sneintejûn swier mishannele troch in stedsgenoat (49). It slachtoffer rûn mei syn freondinne oer De Tunen yn de stêd doe't er oanfallen waard troch de fertochte. Hy krige klappen en foel dêrtroch. Dêrnei waard er yn it gesicht skopt. It slachtoffer bruts ûnder oare syn kaak. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oarsaak fan de mishanneling leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfeer. De plysje hat de fertochte noch net oanhâlde kinnen en hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)