Ljouwerter swier ferwûne nei fal fan trep

21 jul 2015 - 07:33

In man út Ljouwert is moandeitejûn swierferwûne rekke by in fal fan in trep. It ûngelok barde yn in gebou oan de Lindebuert. Om de man te behanneljen waard ek de traumahelikopter oproppen. Dy lâne op de brêge op it Hoeksterpaad en naam it slachtoffer mei nei it Grinzer sikehûs UMCG.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)