Ljouwerter Sweltsjes op ynternasjonaal fuotbaltoernoai

15 jul 2015 - 09:59

Fuotballers fan de Sweltsjes út Ljouwert dogge dizze wike mei fjouwer teams mei oan in grut ynternasjonaal fuotbaltoernoai yn Sweden. Se binne de iennichste dielnimmer út Nederlân. Mei 1600 teams en mear as 30.000 spilers is it it grutste amateur jeugdfuotbaltoernoai fan 'e wrâld.

De wedstriden wurde spile yn it Ullevi stadion yn Gothenburg. Der wie ek in offisjele iepeningsseremoanje en in flaggeparade. It toernoai duorret oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)