Ljouwerter swaait mei honkbalkneppel

21 jan 2015 - 10:13
  • Plysje

De plysje hat tiisdei in 38-jierrige Ljouwerter oppakt, omdat er op de Iewâl yn syn wenplak stie te swaaien mei in honkbalkneppel. Neffens eigen sizzen die er dat omdat er lulk wie op ien fan de ynstânsjes yn de strjitte. De man is troch de plysje meinaam nei it buro. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)