Ljouwerter swaait mei grut mes op strjitte

26 nov 2015 - 09:44

In 57-jierrige Ljouwerter bedrige woansdeitejûn in frou op strjitte mei in grut slachtersmes. De frou rûn op de Egelantierstrjitte mei har hûn doe't de Ljouwerter har bedrige troch mei it mes te swaaien. Dêrnei naaide er út. De frou koe in goed sinjalemint fan de man trochjaan oan de plysje.

Op basis dêrfan koenen plysjeminsken de man letter oppakke. By syn arrestaasje hie er lykwols it mes net mear by him. Letter die bliken dat de Ljouwerter it mes yn de brievebus fan syn hûs smiten hat. It wapen is yn beslach naam. De man sit noch fêst.

Hy wie neffens de plysje yn de war.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)