Ljouwerter studinten komme mei kampanje foar wetterketen

10 feb 2015 - 17:23

In groep Ljouwerter studinten wol mei in selsbetochte kampanje de bekendheid fan de wetterketen yn de stêd sichtberder meitsje foar publyk. Dat wurdt dien mei stickers dy't rûnom yn Ljouwert op wettterpompen plakt wurde. Dêrneist sil der fia sosjale media in filmke ferspraat wurde. Dêrop is te sjen wêr't it grûnwetter allegear streamt.

It startskot foar de kampanje Kampioenenwater wurdt woansdeitemiddei jûn troch wethâlder Isabelle Diks. Sy sil in gouden putdeksel ûntbleatsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)