Ljouwerter studinten kampioen

19 okt 2009 - 14:36

In team fan studinten út Ljouwert is snein Nederlânsk Kampioen teatersport wurden. It giet om it team 'De Noordsterren' mei twa studinten fan de NHL: Bonne Ziengs en Kevin van der Leer. By Teatersport nimme teams fan fjouwer persoanen it tsjinelkoar op yn koarte toanielymprovisaasjes, wêrby't it publyk bepaalt wêr't de sênes oer gean.

It NK wie yn Apeldoorn. Sechtjin teams út hiel Nederlân diene deroan mei. De priis bestiet út in trofee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)