Ljouwerter smyt ruten Feanster gemeentehûs yn

22 jun 2015 - 13:02

In 49-jierrige Ljouwerter is sneintejûn op It Hearrenfean oanhâlden, nei't er fjouwer ruten fan it gemeentehûs ynsmiten hie. De man fertelde de plysje dat hy ûnderdak hawwe woe en dat hy dêrom de ruten fernield hie. De man is meinaam nei it buro. Hy krijt in proses-ferbaal en de rekken foar de skea dy't er oanrjochte hat.

Deselde man waard freed ek al yn Ljouwert oanhâlden nei't er in rút fan de rjochtbank oan it Saailân fernield hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)