Ljouwerter slacht mei knyptange

25 apr 2001 - 00:00

In 42-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat woansdeitemoarn besikers fan it postkantoar op it Aldehoustertsjerkhôf bedrige mei in mes. Boppedat sloech er in man mei in knyptange op 'e holle.

De man wie lilk omdat de sosjale tsjinst, dy't ek yn it pân sit, him gjin jild útbetelje woe. Hy is troch de plysje oanhâlden. De man dy't mei de knyptange slein waard, rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)