Ljouwerter skopt plysjeman

20 sep 2014 - 10:22
  • Boeien

In 22-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oppakt om't er in plysjeman tsjin syn skonk skopte. De plysje wie oproppen omdat de fertochte op de Wismastate troch it lint gien wie. Hy hie fernielings oanrjochte yn it hûs fan syn freondinne. Doe't de plysjeman de man oanhâlde woe, krige er in skop.

De man sit fêst op fertinking fan fernielings en mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)