Ljouwerter skoftke moarnskrante

16 aug 2004 - 17:37

De Ljouwerter Krante ferskynt de kommende twa wike as moarnskrante. It is foar it earst dat de krante sa lang achter inoar moarns útkomt.

Sneintenacht rôle it earste eksimplaar fan de parse. De krante komt mei de Olympyske Spelen moarns út om syn lêzers betiid op de hichte te bringen fan de prestaasjes fan de Olympyske sporters. It eksperimint is gjin foarboade fan in permaninte ferskining fan de Ljouwerter Krante moarns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)