Ljouwerter skoallen ûndersykje oaljefersmoarging op Waadsee

06 jun 2015 - 20:14

Hegeskoallen yn Ljouwert dogge mei de Waadferiening ûndersyk nei de effekten fan mooglike oaljefersmoarging yn de Waadsee. Nei dat ûndersyk moat bliken dwaan wat de bêste manier is om eventuele oaljefersmoarging tsjin te gean en op te rêden. It ûndersyk rjochtet him op de ekologyske en de ekonomyske effekten fan in oaljeramp op de Waadsee en sil nei alle gedachten sa'n fjouwer jier duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)