Ljouwerter skipper ferstoarn

27 aug 2010 - 07:30

In 60-jierrige binnenfeartskipper út Ljouwert is tongersdei ferstoarn op de Gelderse IJssel ter hichte fan Leuvenheim. Dit nei alle gedachten as gefolch fan in hertstilstân nei in oanfarring mei in oar skip. De Ljouwerter skipper kaam oan it ein fan de moarn yn botsing mei in leech binnenfeartskip dat him temjitte kaam.

De skipper waard yn kritike tastân oantroffen troch in meiwurker fan it skip. De Ljouwerter skipper is op wei nei it sikehûs ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)