Ljouwerter sauna slút nei spul

06 des 2011 - 20:46

Sauna Westenberg yn Ljouwert giet op 17 desimber definityf ticht en dat is folle earder as pland. Neffens eigener Fred ter Elst komme der te min besikers en is eksploitaasje net mear helber. Ter Elst leit de skuld by de provinsje dy't neffens him tefolle negative berjochten oer de sauna nei bûten bringt.

De âldste sauna fan Fryslân hat al tiden in konflikt mei de provinsje oer de kwaliteit fan it wetter. De sauna hopet dat in soad âlde klanten de lêste dagen noch in kear weromkomme foar in reüny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)