Ljouwerter samler fan it jier

13 feb 2006 - 11:10

De Ljouwerter Gjalt van Bruggen is dit wykein samler fan it jier wurden. Hy krige dy titel op in grutte samlersbeurs yn Eindhoven. De 67-jierrige Ljouwerter sammelet al goed 25 jier alles fan de Nederlânske keapfardij.

Sa hat er unifoarmen, modelskippen, ansichtkaarten en sels menukaarten. De sjuery wie bot ûnder de yndruk en keas him út fiif nominearren. Njonken in oarkunde krige Van Bruggen 400 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)