Ljouwerter rydt yn Heemskerk tsjin in beam

01 des 2014 - 14:08

In 62-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei oanholden nei't er mei in stellen auto tsjin in beam riden wie. It ûngelok barde op de Ryksstrjitwei yn Heemskerk. Nei de botsing naaide de Ljouwerter út, mar hy koe in pear strjitten fierderop oanholden wurde.

De man is meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er ek noch soft- en harddrugs by him hie. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)